Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

Gjin berik op Adama State

Bremer, Aris

Inkijkexemplaar
TitelGjin berik op Adama State
Oorspronkelijke titelGeen bereik op nooitgedacht
Artikelnummer28693
Dames (min/max)6
Heren (min/max)4
Personen10
Auteur(s)Bremer, Aris
Vertaler(s)Schilstra, B.
CategorieAvondvullend
Aantal blz92
GenreFries toneel / Komedie
Duur (min.)160 Min.
UitgeverVink
GJIN BERIK OP ADEMA STATE 28693 Komeedzje yn fjouwer bedriuwen fan Aris Bremer, Fryske oersetting Betty Schilstra, 6 froulju, 4 manlju It wie echt wer in hiel oar idee: It tritich jierrich houlik fan Anna en Marten de Geus te fieren op Adema State ynstee fan it gebrûklike hotel. Spitich dat net elkenien entûsjast is oer dit lânskiplike ûnderkommen fan de famylje Adema. Der binne famyljeleden by dy’t har djip ûngelokkich fiele, om’t der gjin berik foar telefoan en ynternet is. De famylje De Geus kommunisearret mei elkoar ek net sa goed. Jaloerskens en finansjele swierrichheden dogge de sfear net altyd goed. No ‘t se in wykein ta elkoar feroardiele binne komme ûnderlinge kwestjes op ‘e tafel, mar der falt ek ien út in appelbeam, in oaren sit fêst op ‘t húske en in tredden baggert troch in sleat. De hutspot ferbrânt yn de keuken fan Bets Adema. Lokkich wurdt de brân blust en helje se mar Sinees. In net ferwachte besiker is de eks fan Hanneke de Geus. Gerard wurket as steursinder, hy set de iene tsjin de oare op, yntrigearret en tinkt dat syn projekten gouden bergen opleverje. Yntusken is syn each op dizze lokaasje fallen. Hy wol Adema State keapje en dêr in wytplantaazje begjinne. Dat giet de rike sakeman Maarten te fier. Nei in flinke rûzje ferdwynt Gerard om werom te kommen mei de pleatslike plysje. De famylje wurdt oanholden om’t der tocht wurdt dat se by in kriminele organisaasje oansluten binne. Fansels is dat net wier en kin it feestlike wykein wer gewoan fierder gean. Gerard dûkt noch wol hjir en dêr op om te sabotearjen, mar wurdt hieltyd betrape en hurdhandich fuortstjoerd. Dan ferklearret Maarten dat er genôch fan it sakelibben hat. Hy hat yn alle stilte Adema State fan Douwe Adema kocht. Alle Geuzen binne bliid en optein. Dêr moat in Boerebitter op dronken wurde. Mar dan ha Gerard en Douwe noch in ferrassing.

Bestel dit stuk

€ 14,40

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag