Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

It dineetsje

Simon, Neil

Inkijkexemplaar
TitelIt dineetsje
Oorspronkelijke titelThe Dinner Party
Artikelnummer12539
Dames (min/max)3
Heren (min/max)3
Personen6
Auteur(s)Simon, Neil
Vertaler(s)Zee, T. van der
CategorieAvondvullend
Aantal blz64
GenreFries toneel / Komedie
Duur (min.)110 Min.
UitgeverVink

IT DINEETSJE (THE DINNER PARTY)

12539 Komeedzje fan Neil Simon, oersetting Tryntsje van der Zee, 3 manlju, 3 froulju

In oangripende relaasjekomeedzje, dy't him ôfspilet yn in aparte romte fan in eksklusyf restaurant. Hiel sjyk allegear. Der stiet in feestlik klearmakke tafel foar seis gasten te wachtsjen. Ien foar ien ferskine se; earst trije hearen, alhiel yn styl oanklaaid, klear foar dit bysûndere itentsje. Se kenne mekoar net en hawwe elk foar oar in hiel oare achtergrûn. Ien, nee twa dingen ha se gemien, docht bliken: se binne alle trije skieden en se ha alle trije juridyske bystân hân fan deselde advokaat, de man dy't ferantwurdlik is foar de útnoeging foar dit diner. De mannen besykje der achter te kommen wat de bedoeling wêze kin fan dit mysterieuze itentsje. Dan ferskine de oare trije gasten: allegear bysûnder sjarmante en goed fan 'e tongriem sniene dames. Unferwachte ynfallen, pynlike konfrontaasjes en fûle diskusjes binne it gefolch. Stapke foar stapke ûntspint him ferrassende yntrige. In stik dat boeit en ferdivedearret troch in subtile ôfwikseling fan mysterieuze spanning, oprjocht oangripende konfrontaasjes en bytiden slap-stickachtige mominten. En dat yn masterlike Neil Simon-dialogen mei briljante "one-liners" dy't as pinpong baltsjes oer de planken fleane. Yn 2002 wie dizze komeedzje in absolute "hit" op Broadway. Yn de winter fan 2003 waard dizze nijste fan Neil Simon troch it beropstoaniel yn Nederlân yntrodusearre. En no dus ek yn de eigen taal beskikber foar it Fryske amateurtoaniel.

Bestel dit stuk

€ 13,00

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag