Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

Heisa om de haverklap

Bremer, A.

Inkijkexemplaar
TitelHeisa om de haverklap
Oorspronkelijke titelHerrie om de haverklap
Artikelnummer15100
Dames (min/max)6
Heren (min/max)4
Personen10
Auteur(s)Bremer, A.
Vertaler(s)Dijkstra, G.
CategorieAvondvullend
Aantal blz64
GenreFries toneel / Blijspel
Duur (min.)110 Min.
HEISA OM DE HAVERKLAP (Herrie om de haverklap) 15100 Klucht in twa bedriuwen yn sân Sênes fan Aris Bremer, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 6 dames, 4 heren Frou Haver, of leaver Beppe Haverklap, de noch krasse en eigensinnige bewenner fan ‘De Haverklap’, in lyts húske dat oan in pleintsje stiet, is ûntslein út klinyk ‘Bosrust’. Dêr hat se in heal jier ûnder twang sitten. Beppe is lykwols noait ‘gek’ west, mar har hûs stiet altyd iepen foar minsken mei problemen en dat steurt de buorlju. Dêr komt noch by dat deselde buorlju har grutte tún anneksearje wolle. Om dit te berikken stelle se alles yn ‘t wurk. Se gean dêr foar yn it geheim relaasjes oan mei de pleatslike gesachdragers. De ‘hystearyske’ Martha Muysch giet frjemd mei Bastiaan, de sjef fan de plysje. De ‘sûplap’ Roderick Bastogne hat in affêre mei de dominante boargemaster Anna de Gier. Yntusken gunne de buorlju mekoar it ljocht yn de eagen net. Mar hoe dan ek, Beppe moat wer nei ‘Bosrust’. Dan, yn de iere moarn, wurdt der sketten en folgje de foarfallen mekoar yn in heech tempo op. It iene is noch net west of it oare is der al wer. De plysjes Lola en Herman komme yn aksje, en Sjoerd, dy’t lêst hat fan it ‘Doornroosje – kompleks’, rekket ûnderdak yn ‘De Haverklap’. Pien van Donderen nimt wraak op har man, de sjef fan de plysje, dokter Popke van Boven, de dokter dy’t Beppe yn ‘Bosrust’ behannele hat, soarget der foar dat Beppe wer opnommen wurdt. Mar Beppe soe Beppe net wêze at se it net wer foarelkoar krige om ‘Bosrust’ wer te ferlitten. En no hat se noch mear fjoer yn har as earder. Dan blykt dat se folle mear freonen hat as at se tocht hie. Ut in net ferwachte hoeke krijt se steun om ‘De Haverklap’ te ferdigenjen. ‘Dy’t net sterk is moat slim wêze’ is har motto. Nei alle heisa om ‘De Haverklap’, keart úteinlik de rêst werom op it plein.

Bestel dit stuk

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag