Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

Mƒlejan is werom

Bremer, A.

Inkijkexemplaar
TitelMƒlejan is werom
Oorspronkelijke titelMallejan is weerom
Artikelnummer18275
Dames (min/max)4
Heren (min/max)3
Personen7
Auteur(s)Bremer, A.
Vertaler(s)Dijkstra, G.
CategorieAvondvullend
Aantal blz63
GenreFries toneel / Komedie
Duur (min.)110 Min.
F59 In komeedzje yn fjouwer bedriuwen fan Aris Bremer, Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra, 4 dames, 3 heren. (Avondvullend) Jan van der Molen komt, nei’t er jierren ergens oars wenne hat, werom yn it doarp dêr’t er opgroeid is. Elk neamde him doedestiids ‘Mâle Jan’. Sa hie en hat ek no hast elke ynwenner fan it doarp in bynamme. Jan wol in boek skriuwe oer syn heit. Dizze dryste skoalmaster, dy’t as bynamme ‘Dolle Dries’ hie, waard nei in skeel mei de korrupte wethâlder Van Beerenschot (De Bear), ûnskuldich yn de sel set en is dêr ek ferstoarn. Mâle Jan krijt ûnderdak yn it ferboude hinnehok fan Jaap de Brave (Jaap Wichel) en syn frou Els (Goudelske). Yn datselde hinnehok hat Jan syn heit ek taholden yn de wiken foar it proses. Jan wol yn dat hinnehok de iensumens fan syn heit ynfiele en de wierheid achterhelje. Al gau wurdt dúdlik dat der net folle feroare is. De post wurdt, foar dat it besoarge wurdt, earst altyd lêzen en trochferteld troch postrinder Sijke Potter. (Sijke Slik) Minsken yn it doarp fleane elkoar om neat nei de strôt en binne yn kampen ferdield. Mar se binne ek goed yn it tadekken fan eardere aaklike saken sa as dy mei ‘Dolle Dries’. Boppe-al is it noch altyd ‘De Bear’ dy’t as wethâlder manipulearret, dominearret en achter de froulju oan sit. Al gau rekket Jan, tsjin syn sin trouwens, fertize yn alderlei konflikten en leafde – affêres. It rint mei ‘Mâle Jan’ oars ôf as mei syn heit. Sels rint er fêst yn de ûntstiene situaasje en dûkt ûnder as in kluzener. Gelokkich is it de flegmatike Jaap Wichel dy’t, mei syn wichelroede, him wer wekker skoddet. Mar it is foaral Bette (Rotsje), de ‘punkerige’ dochter fan Jaap, dy’t him helpt om de wierheid boppe tafel te krijen. Se wit ‘De Bear’ op like grappige as effektive wize te bestriden en hy moat syn ferlies tajaan. Dan kin Jan einlings it boek oer syn heit skriuwe en syn soan kin er aansen de earfolle namme Dries van der Molen jaan.

Bestel dit stuk

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag