yn trije bedriuwen fan Stephens en Linton, Nederlânsk op ‘e nij oerset troch Mimi en Peter van Waterschoot van der Gracht, foar it Frysk oerset troch Lammert Dijkstra, 5/6 froulju – 4/5 manlju By 't begjin fan dit stik wachtsje Joris en Saskia yn spanning de komst ôf fan harren skerpe (skoan)mem Vera. Dy komt tegearre mei har fierstente goede man Nico in pear dagen útfanhûs. Harren jongste dochter Ineke komt ek mei. Sy wol graach aktrise wurde, mar dat achtet Vera fier ûnder har stân. Ek broer Wim, dy't tydlik ynwennet by syn suster Saskia en Joris, is net echt bliid mei har kommen. Hy hopet troch te brekken as skriuw-er, mar salang't dat noch net slagge is, telt ek hy by Vera net mei. Elly, de húshâldlike help, hat it ekstra drok mei de komst fan de famylje. Vera stiet bekend as uterst kritysk op alles en elkenien, útsein op harsels. Boppedat dielt Elly mei immen út it gesin in grut geheim, dat Vera echt net te witten komme mei… Dan begjint in flitsend spul fol mei leagens, betizings, fertinkings, ferkearde ynterpretaasjes fan briefkes, ferwikseling fan persoanen en oare idioate sitewaasjes. De wûnderlike feedokter Peter Nietz en de aktrise Dolly de Waerdt spylje dêr ek in wichtige rôl yn. Uteinliks moat sels de plysje deroan te pas komme. Troch de útstelde ûntknoping fan guon feiten en in foar in diel nij plot is dizze flitsende weroersetting noch spannender wurden as it orizjineel. Boppedat binne ferskate sênes yngripend feroare. Dizze Amerikaanske oerklucht hie yn it ferline ek by 't Nederlânske beropstoaniel en by de amateurs in protte súkses ûnder de titel " 'n Huis vol herrie". It stik waard yn in eardere krisistiid ek ferfilme ûnder "De familie van mijn vrouw". It is dêrom in ekstra útdaging dizze nije ferzje rinnende de hjoeddeistige krisis mei faasje en gloede spylje te kinnen. Jo publyk sil der troch opfleure wurde.
Waarom Toneeluitgeverij Vink?
Keuze uit een groot aanbod
Bestel gemakkelijk online
Snelle levering
Bestellingen snel bij u bezorgd
Persoonlijke service
Wij staan graag voor u klaar!