FANTASTEN EN STJONKTSYSKES (DIE UNGLAUBLICHE GESCHICHTE VOM GESTOHLENEN STINKKÄSE) 28171 In klucht yn trije bedriuwen fan Bernd Gombold, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra. Nederlânske tekst fan Hub Fober, 4 froulju, 4 manlju Moarns, nei it jierlikse festival fan de fanfare, wurde fjouwer manlju wekker mei in swiere holle. Al gau docht bliken, dat se oant betiid yn de moarn goed stevich oan de drank sitten ha. Sadwaande ha se suver in black-out en witte se amper wat foar of achter is. Kees, dy’t him yn syn timmersaak deljûn hat omdat er net by de frou op bêd doarst te krûpen, komt der by it wekker wurden achter dat er syn boppegebit, syn beurs en in skoech kwyt is. Fierder stiet der, sûnder dat hy wit wêr’t dy weikomt, in ljedder yn de saak, dêr’t ek noch in sport fan ôf mist. Dan komt syn soan Frank oansetten mei in stikken finsterlûk en it docht bliken dat dy ek noch in frjemd slipke yn de bûse hat. Johan, de opperwachtmaster fan plysje, hat in bult op ‘e kop sa grut as in dowe-aai en is syn tabaksdoaze kwyt. Hugo, de oansteande skoanheit fan Frank mist syn horloazje en de húshâldster fan de pastoar mist fjouwer stjonktsyskes út de finsterbank. Dan fynt Hugo de beurs fan Kees en de tabaksdoaze fan Johan op de sliepkeamer fan syn dochter Jenny. It wurdt in hiel trelit en de oplossing fan al dizze riedsels hat in oanienskeakeling fan kostlike situaasjes as gefolch. De mannen helje werklik alles út de kast om de froulju der mar fan te oertsjûgjen dat sy neat dien ha dat it deiljocht net ferdrage kinne soe. (Ook verkrijgbaar onder de Nederlandse titel: Festival der fantasten)
Waarom Toneeluitgeverij Vink?
Keuze uit een groot aanbod
Bestel gemakkelijk online
Snelle levering
Bestellingen snel bij u bezorgd
Persoonlijke service
Wij staan graag voor u klaar!