WA IS HJIR DOKTER (WIE IS HIER DE DOKTER) 28513 Klucht yn fjouwer bedriuwen fan Jan Derene, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 6 froulju, 5 manlju, 1 figurant, mei dûbelrollen, 4 froulju, 3 manlju. Yn in drokke húsdokterspraktyk wurkje neist dokter in doktersassistinte en in putsjeman. Yn de praktyk komme alderhanne pasjinten mei ferskillende problemen en kwalen dy’t harren op begrutlike en healwize manieren hâlde en drage. Net allinne dokter bemuoit him mei de behanneling fan de pasjinten, mar ek de assistinte en de putsjeman dogge dat no en dan. Dêrneist gebeure der ek in pear net gebrûklike dingen dy’t te krijen ha mei de besite oan de parktyk fan in heimsinnige pasjint. Dit allegear liedt ta de noadige komyske tastannen. Alle personaazjes yn dit stik kinne as typkes delset wurde. It stik kin spile wurde troch alve spilers en ien figurant. Mar folle útdaagjender is it foar de spilers, en ynteressanter foar it publyk, at it stik spile wurdt troch sân spilers en spylsters. De feriening dy’t dizze útdaging oandoart sil der sûnder mis in soad wille oan belibje.
Waarom Toneeluitgeverij Vink?
Keuze uit een groot aanbod
Bestel gemakkelijk online
Snelle levering
Bestellingen snel bij u bezorgd
Persoonlijke service
Wij staan graag voor u klaar!