29227 In komyske skriller fan Mary Bakker-Schoon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 4 froulju, 3 manlju
Fjouwer freondinnen binne ûnderweis nei in jûntsje Chippendales en in lang wykein der achteroan. Se toere, mei in tas fol kofje en broadsjes, troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad yn de buert fan Appelskea. Se klopje oan by in buorkerijke dat der wat ferlitten útsjocht. Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske fan de ANWB is, mar der blykt in bargeboer te wenjen. At se freegje oft se de nachtoer bliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn. Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn harren nijsgjirrigens fine se in koffer ûnder it bêd mei in ynhâld om fan te grizen. Skedels en bonken, wat moat dat ûnder it bêd fan in bargeboer? Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne slim...
Waarom Toneeluitgeverij Vink?
Keuze uit een groot aanbod
Bestel gemakkelijk online
Snelle levering
Bestellingen snel bij u bezorgd
Persoonlijke service
Wij staan graag voor u klaar!