29263 In klucht fan Willie van Oenen, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 4/5 froulju, 5/6 manlju
It giet net goed mei de buorkerij fan Harm en Rinus Veldman. Se ha al fan alles besocht om wat by te fertsjinjen, mar it slagget net echt. De kamping neist de buorkerij rint wol goed, mar dy is fansels allinne simmerdeis iepen. Harm en Rinus sitte der sels net sa mei, se leve sober en gean har eigen gong. Mar harren broer Albert, dy’t mei-eigener is, wol dat der wat gebeurt. De buorkerij soe mear opbringe moatte, fynt er. In soarchbuorkerij soe de oplossing wêze kinne. Dat is tsjintwurdich yn de moade en der kin goed jild mei fertsjinne wurde. De frou fan Albert, Aleida, is direktrise fan in soarchsintrum, en dy soe foar moai wat klandyzje soargje kinne. Mar binne Harm en Rinus wol geskikt om minsken, dy’t wat yn de lytse loege sitte, te begelieden. Dêr komt noch by dat Albert eins leaver hat dat de buorkerij ferkocht wurdt oan in projektûntwikkeler. Dan komt der in golfbaan op it lân dat by de buorkerij heart en kin hy it jild opstrike. Kassa! Allegear soargen foar Harm en Rinus. Se krije help fan muoike Ko en dy slacht harren der trochhinne. De soarchbuorkerij krijt grûn ûnder de fuotten en Albert en Aleida fiskje achter it net.
Waarom Toneeluitgeverij Vink?
Keuze uit een groot aanbod
Bestel gemakkelijk online
Snelle levering
Bestellingen snel bij u bezorgd
Persoonlijke service
Wij staan graag voor u klaar!